Voor Nederlands: www.frysker.nl is een uitstekende vertaaltool!
Yn de earste helte fan 2023 haw ik foar myn bachelorskrispje – de ôfrûning fan myn stúdzje Sosjale Geografy en Planology (UvA) – yn Fryslân ûndersyk dien nei it ferbân tusken plakbining en minderheidstalen, yn dit gefal wie dy ‘minderheidstaal’ dan fansels it Frysk. Doe’t ik oan ‘e skripsje begûn wist ik al dat ik it neikommende jier in stúdzje fokusse op mobiliteit dwaan soe, dus die wie in moaie kâns om nochris dwaande te gean mei ien fan myn oare ynteresses: lokalisme/regionalisme en taalferskaat. Dêrnjonken wie it ek in moaie kâns om mear yn ‘e kunde te kommen mei de Fryske taal, dêr’t ik op de universiteit lessen yn folge hie – it resultaat fan in moaie gearwurking tusken de UvA en it Afûk.
It folsleine ûndersyk is hjirûnder taheakke. Dêrboppen stiet ek in link nei in gearfetting dy’t op it platfoarm Frisistyk.frl pleatst is. As ik no, goed twa jierren letter, werom sjoch op it ûndersyk, binne my benammen twa dingen bybleaun. Yn it earste plak haw ik troch dit ûndersyk leart dat it foar fierwei de measte minsken gjin saak is fan ‘of/of’. Ik wie fernuvere hoe ienfâldich it Frysk en it Nederlânsk njonken inoar bestean koenen, en hoe like ienfâldich de Friezen dêr’t ik foar dit ûndersyk mei sprutsen hie tusken beide talen skeakelje. Dat hat my mear betrouwen jûn yn de takomst fan it Frysk. De twadde útkomst dy’t my bybleaun is, dat te krijen my de wichtigens fan de oanwêzigens fan it Frysk yn de iepenbiere romte. Út it ûndersyk die nammentlik bliken dat it foar minsken benammen wichtich is it Frysk te hearren, wylst de fokus op dit stuit krekt op de sichtberens fan de taal liket te lizzen.
Ta beslút bin ik noch hieltyd grutsk op de ûndersyksmetoade dy’t ik foar dit ûndersyk brûkt haw. Op inisjatyf fan myn begelieder, dr. Inge van der Welle, hie ik njonken in enkête ek noch sight- & soundwalks dien. Dat wiene rinnende ynterviews mei in groepke respondinten, fokust op de fraach: hokker talen sjochst en hearst op dizze plakken, en hoe fielst dêrby. It hat my fernuvere hoe aardich dat gie, en it hie moaie resultaten opsmiten. As jo oerwage it grutte bestân hjirûnder te iepenen, soe ik oanriede wolle om alteast dat stik fan de resultaten te lêzen. De ûnderfiningen mei dizze ûndersyksmetoade, basearre op it wurk fan Nesrin el Ayadi, hawwe my noch mear oertsjûge fan de wearde dy’t it hat om mei minsken yn petear te gean, yn stee fan allinnich mar data te analysearjen. En ik ha ek opnij ûnderfûn hoe wichtich it is om in situaasje net allinnich fan efter de laptop, mar ek yn de praktyk te besjen. Dat binne beiden basisprinsipes fan de sosjale geografy, en dat makke dizze skripsje tink ik dan ek ta in wurdige ôfsluting fan myn tiid oan ‘e Universiteit fan Amsterdam.
Interview bij Omroep Zilt
VIDEO: Student loopt oud-Menameradiel rond met vragen over taal – Omroep Zilt | Noordwest-Friesland
Publicatie op Frisistyk.frl
De rol fan it Frysk as aktyf brûkte taal yn de Fryske identiteit
